Foppe de Haan lêst foar op de Greidefûgel
Nationale Voorleesdagen
Yn it ramt fan de Nasjonale Foarlêsdagen hiene wy in hiel bysûndere gast op skoalle: Foppe de Haan! Hy hat yn alle groepen foarlêzen út it prachtige boek Pykje Fjouwer, in moai ferhaal oer de greidefûgels dat elkenien – jong én âld – yn ‘e besnijing hold.
De learlingen sieten mei folle oandacht te lústerjen en genoaten sichtber fan it ferhaal. Nei it foarlêzen koene der fansels noch fragen steld wurde. Der wie ek noch tiid foar in foto en in hantekening, wat it besite ekstra leuk makke.
As skoalle hawwe wy mei in soad wille in donaasje dien oan it Foppe de Haan Fûns. Dit fûns set him yn foar jongerein foar wa’t sporten net altyd fanselssprekkend is. In prachtich inisjatyf dêr’t wy graach oan bydrage!
Wy sjogge werom op in tige slagge en ynspirearjende middei!